Stroobos krijt nije skoalle

23 maaie 2008 - 12:56

Troch oanpassing fan de lûdsnoarmen yn Gerkeskleaster-Stroobos kin der lang om let in nije skoalle boud wurde foar de beide doarpen.

Basisskoalle De Claercamp is al jierren ta oan in nij gebou, mar troch lûdsoerlêst fan skipswerf Barkmeijer koe dy net boud wurde. De provinsje hat de lûdsnoarmen no oanpast. It lawaai dat de skipswerf makket soarget neffens wethâlder Willem van der Werf net echt foar oerlêst foar de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)