Strontrace folgje mei GPS

16 okt 2008 - 23:36

De strontrace, de jierlikse sylwedstryd fan Warkum nei Warmond, is dit jier fan minút ta minút op ynternet te folgjen. Alle skûtsjes fan de lytse strontrace, de lichte klasse, krije nammentlik in gps-apparaatsje mei. Dêrmei wurde de skippen fia de satellyt folge.

Op de webside fan de strontrace binne de skûtsjes dan te sjen op in kaart. It is foar it earst dat de race op dizze manier te sjen wêze sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)