Stronkkop en juttersjuwiel

05 maaie 2013 - 12:50
  • Stronkkop fan Jel Henstra

Stronkkoppen en juttersjuwielen binne opfallende objekten op in eksposysje fan Jel Henstra yn de iepenbiere biblioteek oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Der binne ek noch kleurige recycle-earmbantsjes te sjen. De objekten binne ûnder oare makke út oanspield hout, skipperstou en oare saken fan de Waadseekust.

De eksposysje is opsteld yn in fitrinekast op de earste ferfjipping en tagonklik ûnder iepeningstiden fan de biblioteek. De útstalling rint noch oant en mei 31 maaie.

Henstra is in multydissiplinêr keunstner dy't har dwaande hâldt mei it meitsjen fan houtskulptueren, byldhouwen, fotografy en grafyske ûntwerpen. Se hellet har ynspiraasje út de natuer, lykas de Fryske Waadseekust, mar ek de lânskippen yn Bretanje, Spanje en Denemarken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)