Stroetinga wint wer etappe

19 maaie 2011 - 16:54
  • Wim Stroetinga (foto: Rudie Ottens)

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat syn twadde oerwinning yn Olympia's Tour helle. Nei de earste oerwinning fan woansdei pakte er no yn de tredde etappe ek de winst yn de massasprint. Yn de etappe fan Ulft nei Gendringen oer 165 kilometer wie Stroetinga eltsenien te rap ôf.

De Olympia's Tour is de belangrykste amateurkoers fan Nederlân. Stroetinga is op syk nei in nij profteam en kin de oerwinnings goed brûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)