Stroetinga wint Putte-Kapellen

09 okt 2012 - 18:50

Wim Stroetinga hat tiisdei de Sluitingsprijs Putte-Kapellen wûn. De 27-jierrige Fries wie yn België nei 184 kilometer de rapste yn de massasprint. De Belch Michael van Staeyen waard twadde, Stefan van Dijk tredde. Foar Stroetinga wie it de twadde oerwinning binnen in wike. Ofrûne freed wie er ek de rapste yn Zwevezele.

De wedstriid Putte-Kapellen is de lêste wedstriid fan it West-Europeeske hurdfytsseizoen. Stroetinga giet no de baan wer op. Moandei 15 oktober begjinne foar him de seis dagen fan Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)