Stroetinga wint op thúsbaan

31 okt 2010 - 00:11
  • Arjan Stroetinga (foto: KNSB)

Arjan Stroetinga hat de twadde maraton fan dit seizoen wûn. Op it keunstiis fan Thialf wie de reedrider fan Waskemar ien fan de fyftjin koprinners dy't it peloton op in rûntsje sette. Fan de einsprint, mei in protte gewraksel, fernaam Stroetinga net it measte. Hy wie gewoan de rapste.

Karlo Timmerman fan Grins waard twadde, Ingmar Berga fan Hoogeveen tredde en Aldeboarnster Jorrit Bergsma fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)