Stroetinga wint op De Westerein

20 aug 2006 - 14:38

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat sneontejûn it kritearium de Ronde fan De Westerein wûn. Stroetinga siet mei de Friezen Westra, Steigenga en Beima yn in kopgroep fan 13 man.

Twa ronden foar it ein gong Stroetinga der tuskenút, mei Beima en Pieters. Yn de sprint wie er fierút de bêste. Beima fan Hurdegaryp waard twadde en Pieters út Hoofddorp waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)