Stroetinga wint NK massastart

29 des 2013 - 19:45

Arjan Stroetinga is krekt as ferline jier Nederlânsk kampioen massastart wurden. Yn in lyts fjild, der kamen mar trettjin man oan de start, makke syn BAM-ploech de wedstriid. Dat moast ek wol omdat Stroetinga fjouwer ploechmaten hie. Jorrit Bergsma en Ingmar Berga setten yn de finale de gong deryn, Stroetinga makke op it iis fan Thialf dien wurk. Christijn Groeneveld waard twadde, Frank Vreugdenhil tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)