Stroetinga wint NK maraton

06 jan 2008 - 15:29
  • Arjan Stroetinga yn aksje op it NK maratonreedriden (foto Martin de Jong)

Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap hat snein yn Assen de Nederlânske titel pakt by it maratonreedriden. Yn 'e sprint wûn Stroetinga it fan titelhâlder Ingmar Berga. Ferline jier wie de útslach krekt oarsom. Jan Maarten Heideman kaam as tredde oer de streek. De wedstryd gie oer 150 omlopen.

De rûtinearre Bert Jan van der Veen fan De Jouwer, dy't de titel al trije kear wûn, kaam no as tsiende binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)