Stroetinga wint iepen NK

01 feb 2012 - 15:44
  • Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga hat it iepen NK op natueriis op de Weissensee wûn. Hy einige nei 100 kilometer as earste yn de massasprint, foar Crispijn Ariëns fan Wolvegea en Karlo Timmerman fan Grins. Stroetinga (30) fan Waskemar wie yn 2008 ek al ris de sterkste yn Eastenryk. Yn desimber 2010 wûn er de klassiker "De 100 fan Earnewâld". Yn desimber ferline jier wie Stroetinga Nederlânsk kampioen op keunstiis. Dy titel hat er al fjouwer kear helle. Foske Tamar van der Wal fan Gryptsjerk wûn it iepen NK op natueriis by de froulju.

Sneon is de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee, dêr docht Stroetinga ek oan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)