Stroetinga wint earste maraton

14 okt 2012 - 15:43
  • Arjan Stroetinga

Maratonrider Arjan Stroetinga hat sneon de earste wedstriid fan de KPN Maraton Cup op syn namme skreaun. De rider fan Waskemar wie op de Amsterdamske Jaap Edenbaan de rapste yn de einsprint. Gery Hekman waard twadde, Crispijn Ariëns fan Wolvegea einige as tredde.

Stroetinga, rider fan de BAM-ploech, krige de oerwinning lykwols net kado. Pieter-Jan van Eck, Ruud Aerts en Sander Kingma pakten brutaal in foarsprong fan trijekwart ronde. Troch goed wurk fan syn ploechgenoaten helle Stroetinga de trije werom en kaam it oan op de einsprint.

De twadde wedstriid fan de KPN Maraton Cup wurdt op 20 oktober yn Utrecht ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)