Stroetinga wint 25 km Kuopio

21 feb 2008 - 17:31
  • Arjan Stroetinga is op tiid foar de alvestêdetocht yn foarm (foto Martin de Jong)

Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap hat tongersdei yn it Finske Kuopio it 'opwaarmkritearium' foar de alternative alvestêdetocht wûn. De rider út de BAM-formaasje fersloech nei in rûntsje fan 25 kilometer yn de einsprint Bert van Buren en Richard Sijm. It wie foar Stroetinga al wer de 10de oerwinning fan it seizoen.

No sneon is op de Kalavesiemar yn Finlân de alternative alvestêdetocht oer 200 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)