Stroetinga twadde yn maraton

16 des 2012 - 08:42
  • Arjan Stroetinga, BAM ploech

Reedrider Arjan Stroetinga fan Waskemar is sneontejûn yn Breda twadde wurden by de tsiende maraton om de KPN Cup. Hy koe it krekt net winne fan BAM-ploechgenoat Christijn Groeneveld. Hy soarge der wol mei foar dat Groeneveld it earste plak fan it klassemint oernimme koe fan Chrispijn Ariëns. De BAM-ploech hie dit senario útdoktere mei it each op de wrâldbeker yn Erfurt ynkoarten. Wa't nei de maraton fan nije wike oan kop giet mei meidwaan oan de massaastart by dy wrâldbeker.

Bij de froulju wûn Mariska Huisman foar Mireille Reitsma en Carien Kleibeuker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)