Stroetinga twadde yn Den Haag

10 nov 2013 - 14:48
  • Arjan Stroetinga, BAM ploech

Maratonrider Arjan Stroetinga is der sneon by de fyfde KPN Maraton Cupwedstriid net yn slagge om de grutte favoryt Gary Hekman fan de oerwinning ôf te hâlden. Yn Den Haag moast Stroetinga yn de einsprint belies jaan en tasjen hoe't Hekman al wer de tredde winst fan dit seizoen pakte. De Italiaan Fabio Francolini waard tredde.

By de froulju gong de winst nei Carien Kleibeuker, dy't tegearre mei Imke Vormeer in ronde foarsprong op it peloton pakte. Vormgeer waard twadde en Irene Schouten tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)