Stroetinga twad by maraton

13 okt 2013 - 13:07
  • Arjan Stroetinga, BAM ploech

It maratonreedrydseizoen is sneon begûn op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam. Op 15 rûntsjes fan de ein kaam in herstart troch in falpartij. De konkurrinsje fan de sterke BAM-ploech krige sa kâns om op azem te kommen en der kaam in lange einsprint. Garry Hekman út Hardenberg wie dêryn sterker as Arjan Stroetinga fan Waskemar en Bob de Vries fan De Haule. De Friezen einigen as twad en tred.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)