Stroetinga tredde yn Sidney

17 nov 2006 - 16:11

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is by de wrâldbekerwedstriid yn Australië tredde wurden op it ûnderdiel Scratch. Ferline jier wûn Stroetinga de wedstriid noch op de baan fan Sydney. De Stellingwerver moast de Bulgaar Vasili Kirylienka en de Switser Guiseppe Atzeni foarrang ferliene.

De 21-jierrige Wim_Stroetinga waard earder dit jier Europeesk Kampioen by de beloften op itselde ûnderdiel yn Atene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)