Stroetinga tredde yn België

11 okt 2011 - 19:03
  • Wim Stroetinga (foto: Rudie Ottens)

Wim Stroetinga is tiisdei tredde wurden yn de Nationale Sluitingsprijs Putte-Kapellen yn België. Nei 183,6 kilometer moast de hurdfytser fan Aldeberkeap yn de massasprint de Wyt-Rus Yauheni Hutarovich en de Belch Joeri Stallaert foargean litte.

Foar Stroetinga sit it seizoen op 'e dyk der no op. Hy helle trettjin oerwinnings. Op moandei 17 oktober begjint er oan de seisdaachse fan Amsterdam mei syn Ubbink-Koga ploechmaat Peter Schep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)