Stroetinga sulver massastart

18 nov 2012 - 18:02
  • Arjan Stroetinga, BAM ploech

Arjan Stroetinga hat de earste wrâldbekerwedstriid yn Thialf ôfsletten mei in sulveren medalje op de massastart. De winst gong nei syn ploechgenoat Christijn Groeneveld. De beide BAM-riders wienen fierwei de bêsten fan it peloton en gongen side oan side op de einstreek ôf. Uteinlik wie it Groeneveld dy't syn reed as earste oer de finish drukte. De Fransman Alexis Contin einige as tredde.

Jorrit Bergsma ûntsnapte healwei de race om de saak op gong te bringen. Doe't er werom pakt waard koene syn BAM-ploechmaten it wurk oernimme en ôfmeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)