Stroetinga-Schep winne R'dam

10 jan 2012 - 23:44

Wim Stroetinga hat mei Peter Schep de seisdaachse fan Rotterdam wûn. Op it lêste ûnderdiel, de koppelkoers, foel tiisdeitejûn de beslissing. Wim Stroetinga fan Aldeberkeap en Peter Schep (Lopik) gongen doe Jens Mouris en de Switser Franco Marvulli foarby. It duo Stroetinga-Schep kaam út op 331 punten, Mouris-Marvulli hiene 319 punten. Danny Stam, hy ried syn lêste wedstriid, waard mei Yoeri Havik tredde mei 231 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)