Stroetinga 12e op koppelkoers

24 feb 2013 - 15:46

Wim Stroetinga hat tegearre mei Peter Schep gjin rol spylje kinnen op de koppelkoers by de wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen yn Minsk. It duo einige snein op it 12e plak. It goud op de koppelkoers wie foar de Frânsen Vivien Brisse en Morgan Kneisky. Mei 18 punten troefde it twatal de Spanjaarden David Muntaner en Albert Torres (15 punten) ôf. It brûns gong nei de Dútsers Henning Bommel en Theo Reinhardt.

De Nederlânske baanploech fan bûnscoach René Wolff hat op it WK mar 1 medalje helle. Matthijs Büchli pakte freed it brûns by de keirin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)