Stroef begjin Fryske silers

06 jun 2011 - 22:41
  • Marit Bouwmeester (argyffoto: Thom Touw)

De Fryske silers binne op it Olympyske wetter fan Weymouth yn Súd-Ingelân stroef begûn. Op de sechsde wrâldbekerwedstriid sylde Marit Bouwmeester yn har Laser-radial in ynhelrace. Se einige as sânde. Roelof Bouwmeester hie yn de Laser in minne start. Hy moast hurd wurkje om yn de foarein te kommen. It waard in tolfde plak.

Pieter-Jan Postma waard yn de Finn 23e. De silers hiene op see lêst fan in protte streaming en wyndraaiïngen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)