Strobossertrekwei wer iepen

03 jul 2009 - 17:17
  • Der is ûnder oaren in fangrail pleatst

Nei njoggen moanne ôfsluting giet de Strobossertrekwei dit wykein foar it grutste part wer offisjeel iepen foar it ferkear. De dyk rint fan Dokkum rjochting Kollum en wie net feilich mear. Under oaren deadlike ûngelokken soargen derfoar dat der wat feroarje moast.

De nije ynrjochting hat sân miljoen euro koste. Dêrby is it shared space- prinsipe hantearre, wêrby ferskillende ferkearsdielnimmers safolle mooglik deselde romte diele moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)