Strobossertrekwei opknapt

19 jul 2008 - 14:52
  • De Strobossertrekwei

De Strobossertrekwei wurdt fan oktober ôf hielendal opknapt. De dyk fan Dokkum nei Kollum giet dan njoggen moanne ticht. De Trekwei foldocht al jierren net mear oan de easken fan dizze tiid. De dyk is smel en dêrtroch gefaarlik.

Omwenners trune al in skoftlang oan op it oanpassen fan de Trekwei. Alle krusings wurde oersichtliker makke. Ek wurde der fytspaden oanlein en komme der kades en stegers foar boatsjefarders. It ferkear wurdt omlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)