Strjitten ûnderrûn nei buien

26 jul 2008 - 23:11
  • Oerlêst op De Gordyk (H. Stoelwinder)
  • It rioel kin al it wetter net oan

De tongerbuien fan sneontejûn en sneontenacht hawwe op ferskate plakken foar wetteroerlêst soarge. Under oare yn Wâldsein rûnen strjitten ûnder. De brânwacht moast yn aksje komme om foar te kommen dat kelders ûnderrûnen.

Yn Marsum wiene -sa as faker- problemen by it Franjumbuorsterpaed. Oare meldingen oer wetteroerlêst kamen bygelyks út It Hearrenfean en Snits. Yn dat lêste plak wiene problemen by it akwadukt yn de Geeuw. Op De Gordyk rûnen ek ferskate strjitten ûnder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)