Strjitte ticht troch gaslek

20 maaie 2014 - 13:34
  • De brânwacht hat it gas ferfleane litten

De Sixmastrjitte yn Ljouwert is tiisdeitemiddei tydlik ôfsletten fanwege in gaslek. Dat melde de brânwacht op Twitter. It gietom in auto dy't LPG lekte. De auto stie op it parkearplak fan de KwikFit.

De brânwacht hat it gas ferwaaie litten mei help fan in fentilator. Nei mjittings koe it gebiet wer frijjûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)