Strjitte Kollum wer asbestfrij

31 okt 2012 - 10:39

De Foarstrjitte yn Kollum is wer frij fan asbest. Dat hat de gemeente Kollumerlân bekendmakke. In spesjaal bedriuw hat de strjitte ûndersocht. Dy waard tiisdei foar in part ôfset, omdat by de sloop fan in gebou asbest frijkaam wie. De gemeente hat it sloopgebou fersegele, oant dúdlik is hoe slim oft de asbestfersmoarging is en hoe't dat opromme wurde moat.

De gemeente docht strafrjochtlik ûndersyk nei de saak, want de eigener fan it gebou is sûnder fergunning begûn mei de sloop. Mooglik wurde de kosten op 'e eigener ferhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)