Strjitrôvers Ljouwert bliuwe langer fêstsitten

22 sep 2015 - 09:38

De twa strjitrôvers dy't dit wykein oppakt waarden yn Ljouwert, bliuwe noch minimaal twa wiken langer fêstsitten. De Ljouwerters fan 19 en 22 jier wurde fertocht fan ferskate strjitrôven. De plysje kaam harren op it spoar doe't in plysjeman yn syn frije tiid lestich fallen waard troch it duo.

De plysjeman warskôge syn kollega's en dy hawwe de twa manlju oppakt. It ûndersyk nei de strjitrôven rint noch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)