Strjitrôver yn Easterwâlde oermanne troch foarbygonger

26 aug 2015 - 18:05

Yn Easterwâlde hat in foarbygonger woansdeitemoarn in strjitrôver oermanne. De fertochte, in 19-jierrige ynwenner fan Easterwâlde, hie mei geweld besocht in 65-jierrige frou út Appelskea fan har tas te berôvjen. Hy tikke it slachtoffer op it skouder en begûn oan har tas te skuorren. De frou foel hurd op de grûn en doe begûn de man har te skoppen. Hy naaide út doe't der minsken oan kamen. In foarbygonger koe de man oermanje. Hy is oerdroegen oan de plysje. De frou hat kniezings oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)