Strjitrôver oppakt yn Ljouwert

19 sep 2009 - 12:53

Mei help fan tsjûgen is freedtejûn op de Dammeleane yn Ljouwert in 20-jierrige strjitrôver út de stêd oanholden. De fertochte stelde op de Troelstrawei in tas fan de 57-jierrige ynwenster út Ljouwert en gie der op de fyts fantroch.

Tsjûgen bellen de plysje en dy koene de dieder oanhâlde. Hy hie de tas noch by him. It slachtoffer hat oanjefte dien fan de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)