Strjitrôver oppakt yn Ljouwert

22 sep 2008 - 10:45

De plysje hat sneintejûn yn Ljouwert in Ljouwerter (29) oanhâlden op fertinking fan berôving fan in frou (19) út dat plak. De frou rûn om kertier oer tsienen fan de Wurdumerdyk rjochting de Weaze.

Op de Hearestrjitte waard se troch 3 mannen fan achteren beetpakt en op 'e grûn treaun. De mannen hellen har bûsen leech en naaiden út mei 180 euro. De frou koe fan ien fan de mannen in goed sinjalemint jaan en op grûn dêrfan koe er oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)