Strjitrover oanhâlden

26 nov 2010 - 20:24

In plysjeman hat freedtemiddei yn syn frije tiid in 29-jierrige ynwenster fan Marsum oanhâlden foar strjitrôf.

In 53-jierrige ynwenster fan Snakkebuorren stie op de merk by in tsiiskream ôf te rekkenjen. Doe't sy har wikseljild werom krige waard dat troch de fertochte út har hannen pakt. De plysjeman koe nei in achterfolging en mei help fan twa stêdswachten de fertochte oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)