Strjitrôven yn Ljouwert oplost mei track and trace iPad

30 mrt 2015 - 09:48
  • (foto-ympresje)

Mei help fan it saneamde 'track and trace' op mobile apparaten hat de plysje yn Ljouwert 25 strjitrôven oplost. De plysje koe in stellen iPad folgje en kaam by in heler telâne.

Yn it ûndersyk binne njoggen fertochten fan 16 oant 47 jier oanhâlden. Fjouwer fan harren sitte noch fêst. Der is neffens de plysje gjin sprake fan ien groep dieders, mar fan ferskate groepen. It resjerzjeteam fan tolve man is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk. Mear oanhâldings wurde net útsluten. Tsjûgen wurde oproppen om harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)