Strjitrôf yn Snits

31 okt 2008 - 10:29

De plysje siket tsjûgen fan in strjitrôf juster yn Snits. In man (44) út Wolvegea hie op it Martiniplein krekt jild út de automaat helle en rûn nei syn fyts. Ynienen krige er in hurde triuw en dêrtroch ferlear hy syn lykwicht. De oerfaller skuorde doe de man de tas fan't skouder en naaide út.

It slachtoffer hat noch besocht de man te achterheljen, mar dat is net slagge. Minsken dy't it foarfal sjoen hawwe, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)