Strjitrôf yn Reigerstrjitte

21 feb 2008 - 10:09

In ûnbekende man is woansdeitenacht yn Ljouwert berôve fan syn beurs. It slachtoffer rûn troch de Reigerstrjitte doe't twa manlju syn beurs út de bûse fan syn broek hellen. Dêrnei naaiden se út.

Doe't it slachtoffer achter se oan gie, krige er in pear klappen fan de oerfallers. De beurs waard letter werom fûn yn de Reigerstrjitte. Al it jild, sa'n 300 euro, wie der úthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)