Strjitrôf yn Ljouwert

25 apr 2005 - 09:58

In man fan 28 út Berltsum is sneontejûn bestellen yn de Reigerstraat yn Ljouwert. De man waard frege om in fjoerke en dêrnei om jild. De dief besocht it jild út de bûse fan de man te krijen. Nei in wrakseling naaide de dief mei it jild út.

In foarbygonger koe de dief tsjinhâlde. De man út Berltsum koe doe in part fan syn jild werompakke. It slagge de dief lykwols om fuort te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)