Strjitrôf yn Ljouwert

17 mrt 2013 - 11:33

De plysje docht ûndersyk nei in strjitrôf dy't sneontejûn plakfûn yn de Prinsetún yn Ljouwert. In 14-jierrige wie mei syn freondinne yn it park, doe't se troch seis manlju oansprutsen waarden. Dêrnei waarden se fêsthâlden en bestellen fan mobile telefoans, jild en fyts. De dieders binne dêrnei fuortgien, mar it is net bekend yn hokker rjochting. De plysje hat noch wol om de seis socht, mar koe se net mear fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)