Strjitrôf yn Heech

08 aug 2011 - 10:28

De plysje siket tsjûgen fan in strjitrôf yn Heech. Dêr waard yn 'e nacht fan sneon op snein op De Skatting in 22-jierrige frou út Bilthoven har telefoan ûntstellen. Dat die in jonge dy't hearde by in groepke fan fjouwer. De jonge sloech de frou doe't se de telefoan net jaan woe.

De jonges naaiden nei de stellerij út nei it sintrum fan Heech. De plysje siket no ynformaasje oer haren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)