Strjitrôf op It Hearrenfean

19 sep 2012 - 14:21
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje fan It Hearrenfean siket tsjûgen fan in strjitrôf tiisdeitemiddei om twa oere hinne op de hoeke fan de Atalantastrjitte en de Koornbeurswei.

In 38-jierrige frou rûn oer de stoepe doe't har tas troch in skooterrider ôfpakt waard. De dief naaide út fia de rotonde yn de Koornbeurswei. It giet om in man yn in swart bomberjack dy't in ljochte helm op hie. Hy ried op in ljochte retroscooter mei in soad groom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)