Strjitrôven: tsien jier easke

20 apr 2012 - 13:57

Yn it heger berop tsjin in gewelddiedige strjitrôver út Ljouwert is tsien jier finzenisstraf easke. De man sloech op 18 oktober 2007 fjouwer kear ta yn Ljouwert of hy besocht it. Ien gefal hie hast in deadlike ôfrin. It slachtoffer waard mei in mes stutsen en sakke foar de yngong fan sikehûs MCL yninoar. Hy hat noch alle dagen lêst fan syn ferwûnings.

Mei-inoar giet it om twa gewelddiedige strjitrôven en twa kear in besykjen dêrta, wêrûnder ien op in doe 80-jierrige frou.

It Iepenbier Ministearje fynt de hege strafeask op syn plak, omdat de doedestiids 22-jierrige fertochte en syn kompaan dy jûn oant fjouwer kear ta in slachtoffer makken, omdat se fûnen dat se te min jild bútmakke hiene.

De rjochtbank lei de dieder earder in straf fan tsien jier op nei in eask fan trettjin jier. Nei it earste heger berop lei it gerjochtshôf him acht jier straf op. Mar omdat de man berop yn kassaasje ynstelde, moat de saak op 'e nij yn heger berop behannele wurde. De útspraak is oer twa wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)