Strjitrôf: Ljouwerter oppakt

14 apr 2012 - 13:59
  • Oanhâlden

De plysje hat sneontemoarn tsjin sân oere in Ljouwerter (21) oanhâlden op fertinking fan strjitrôf. In Ljouwerter (53) fytste op it fytspaad neist de Planeteleane en seach de fertochte midden op it fytspaad stean. Doe't hy tichterby kaam seach hy dat de fertochte de kapúsjon oer de holle luts en stekkende bewegings makke. Neffens de melder hie de fertochte in mes yn de hân. Hy wist it te ûntwiken, fytste troch en belle 1-1-2.

Op basis fan it sinjalemint koe de fertochte even letter oppakt wurde. Hy is ynsletten foar ferhoar.

It mes is net oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)