Strjitoerfal yn Drachten

24 jan 2012 - 10:01

    In 27-jierrige Drachtster is moandei op strjitte oerfallen. De man stapte op de Drift út in taksy en woe nei syn fyts rinne doe't er ûnferwachts fan achteren fêstpakt waard. De oerfaller twong de man syn beurs ôf te jaan en naaide út. In tsjûge dy't achter de oerfaller oan gie seach dat dy yn in Opel Corsa stapte. De oerfaller ried by de Grutte Tsjerke oer de betonnen trep en kaam hast fêst te sitten.

    Nettsjinsteande in sykaksje troch plysje en befeiligers en it opsetten fan in Burgernetaskje is de Corsa net mear fûn.

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)