Strjitmuzikant nimt ôfskie

25 sep 2011 - 13:17

Yn Boalsert klonken sneon de lêste klanken fan de akkordeon fan Todorovic. De Roma-flechtling út Servië moat mei syn húshâlding werom nei syn heitelân. Ferskate aksjes hawwe der west om de famylje yn Nederlân te hâlden. De rjochter hat lykwols it lêste fersyk om in ferbliuwsfergunning wegere.

De famylje Todorovic wennet sûnt 1998 yn Nederlân. Op 27 septimber stappe se op it fleantúch nei Servië, dêr't se opnij in bestean opbouwe sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)