Strjitfestival yn Ljouwert

24 maaie 2003 - 00:00

Ferskate minsken kamen sneon ôf op it tradisjonele Frysk strjitfestival yn Ljouwert. Strjitteater en muzyk út alle wynstreken wiene te bewûnderjen. Sa spile de groep Gadjo 'In de ban van de kring' yn in âlde wenwein.

Trio Les Goulus út Frankryk gongen mei de billen bleat en de steltrinners 'Les trois points de suspension' klommen by De Waach op. It strjitfestival wie organisearre troch skouboarch de Harmonie en de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)