'Strjitfestival wie súkses'

31 maaie 2010 - 07:08
  • Akteur leit letterlik op strjitte by it strjitfestival
  • Der wie ek in soad muzyk

It strjitfestival yn Ljouwert hat 85.000 besikers lutsen. Yn de Fryske haadstêd wiene 160 strjitteater- en muzykfoarstellings. De organisaasje is tige tefreden oer it wykein. Op it festival wiene in soad bûtenlânske artysten, lykas de Spaanske Leandre Ribera, it Ingelske duo The Others en de Frânske groep Makadam Kannibal.

Muzikanten kamen ek út ferskate Europeeske lannen nei Ljouwert ta om op te treden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)