Strjitfestival Op 'e Sjouwer

19 jul 2003 - 00:00

Nei skatting 20.000 minsken kamen freedtejûn op it strjitfestival Op 'e Sjouwer ôf. It feest op 'e Jouwer mei muzyk en strjitteater waard foar de 9e kear hâlden. Dat bart altiten op de rêstdei fan it skûtsjesilen.

Mei strjitteater, spultsjes en muzyk is it festival Op 'e Sjouwer foar jong en âld. It binne drokke tiden foar de Jousters. Fanwege it jubileum fan Douwe Egberts binne der ek aktiviteiten, lykas it útdielen fan kofje op strjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)