Strjitfestival los yn Ljouwert

28 maaie 2010 - 22:13

Besikers fan de njoggende edysje fan it Frysk Strjitfestival yn Ljouwert kinne mear foarstellings en muzyk sjen as yn de eardere ôfleverings. Neffens direkteur Arthur Oostvogel is ek de kwaliteit fan de foarstellings better as ea. It festival duorret it hiele wykein. Freed wie de offisjele iepening. De organisaasje ferwachtet sa'n 90.000 minsken.

It festival hat dit jier in duorsume kant. Foar in glês bier moatte besikers in euro staasjejild betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)