Strjitcoach bedrige mei mes

08 jun 2014 - 10:36

Yn Ljouwert hat de plysje sneontejûn in 18-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan bedriging fan in strjitcoach. Op de merke op it Wilhelminaplein hie de strjitcoach de jonge oansprutsen om't er razend oer strjitte gie. Doe't de coach him delbêdzje woe, rôp de jonge dat er in mes hie en drige de coach wat oan te dwaan. Hy woe de coach ek slaan.

De plysje hat de man ynsletten en makket proses-ferbaal op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)