Strippekaart definityf ôfskaft

30 jun 2011 - 12:07
  • Strippekaart net mear jildich (foto: Omrop Fryslân)
  • Foto: Omrop Fryslân

De nasjonale strippekaart kin net mear brûkt wurde. De kaart hat jierrenlang tsjinst dien, mar hy is no ferfongen troch de OV-chipkaart. Woansdei wie de lêste dei dat der stimpele wurde koe. De measte busreizgers binne op de hichte fan de feroaring. Mar in inkeling wie der noch net klear op.

Yn grutte stêden lykas Amsterdam en Rotterdam kin al langere tiid inkeld op de OV-chipkaart reizge wurde yn it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)