Stripmanifestaasje yn Drachten lûkt soad besikers

31 maaie 2015 - 16:26

De twadde edysje fan de Noardlike Stripmanifestaasje wie dit wykein yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten. Sawol sneon as snein kamen der sa'n 400 tekeners en besikers op it stripevenemint ôf.

Der wienen ferneamde tekeners lykas Robert van der Kroft, bekend fan Sjors en Sjimmie, de strip dy't hy al sûnt 1975 tekenet. Hy is ek de tekener fan de strip Claire, yn it blêd Flair. Om ek yn de takomst profesjoneel striptekener te bliuwen, sjogge hy en syn kollega's nei oare mooglikheden, lykas edukatyf striptekenjen, foar skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)