Stripheld Kuifje 75 jier

11 jan 2004 - 00:00

De stripheld Kuifje waard sneon 75 jier, mar hy is noch gjin spat feroare. De jonge, legendaryske reporter seach yn 1929 it ljocht. Hy waard op papier setten troch Hergé. De tekener ferstoar yn 1983.

Kuifje oerlibbe skipsrampen, moannereizen en tal fan eksploazjes, mar syn hier bleau altyd perfekt yn model. Yn Flaanderen waard er sneon as in held betocht, mar yn Fryslân stie neat spesjaals op it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)